AGB & Datenschutz | Impressum | Över us
 

Smoarge Piter (Struwwelpeter westfriesisch)

Fleurige ferhalen en grappige printen

Hoffmann, Heinrich / Smink, Jacobus Q. (Övers.)

Sûnder twifel hie Hoffmann it Frysk net ferstien, mar it is oan te nimmen, dat er mei dizze oersetting like bliid west hie as mei de oaren. En wis hie er “Smoarge Piter” as in nije sprút yn ’e ynternasjonale Struwwelpeterfamylje wolkom hiten en de oersetter Jacobus Q. Smink, dy ’t Struwwelpeter en syn kameraden mei in soad kompetinsje en rykdom oan ideeën in nije Fryske identiteit jûn hat, mei syn slagge wurk lokwinske.
As de bern gjin fiten ha,
komt Sint Piter nei har ta;
as se harren sop opite
en it brea ek net fersmite,
as se, sûnder folle leven,
stil bin ûnder 't iten even,
by in kuier op 'e strjitte
troch har mem har liede litte,
bringt er harren guod temûk
en in skoander printsjeboek.

ISBN 978-3-937467-83-2

Neckarsteinbach: Edition Tintenfass 2010, 31 s.

Kategorie: Böker
Bestellnummer: BO TIN 2311
Pries: 12,90 EUR  + Versand
Wo veel wullt du?
   Stück
torüch na de letzte Siet torüch na de letzte Siet